Ook dit jaar doet de Tropische Kas weer mee aan het Kunstweekend, georganiseerd door Stichting Kunstpromotie Beetsterzwaag. Voor informatie kijk op www.culturelehoofdstraat.nl, click door naar Kunstweekend
2 kunstenaars zullen exposeren in de oranjerieën
- Julia van der Bos is illustrator, speelgoedmaker en miniatuurliefhebber. In haar kunstwerken speelt ze graag met verschillende formaten: van kleine verborgen werelden in het gras tot reuzen die door bekende plekken lopen.
- Mirjam Harders is fotografe. Ze maakt foto’s van o.a. bloemen
Net buiten de omheining van de Tropische Kas wordt er Literair gesnacked met en door:
Vanaf 13.00 uur
De letterfretter
Bij de Afûk is verschenen: De letterfretter van Lida Dykstra. In dit kinderboek is Lida aan de slag gegaan met alle klinkers die in de Friese taal voorkomen. Elke klinker heeft zijn eigen gedicht waar de desbetreffende klinker of klinkercombinatie zo vaak mogelijk in voorkomt. In het boek staan 47 gedichten, vol taalrijkdom en humor, met de mooiste Friese woorden. De prachtige illustraties zijn van Berber van den Brink.
Yn De letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De letterfretter in nije klassiker.
Skriuwer: Lida Dykstra
Yllustrator: Berber van den Brink
Utjouwerij: Afûk
ISBN 978 94 9331 800 7
Oer Lida Dykstra
Lida Dykstra (1961) út De Knipe hat goed hûndert berneboeken skreaun yn it Frysk en Nederlânsk. Dykstra skriuwt foar alle leeftiden, fan printeboeken oant boeken foar begjinnende lêzers op AVI-nivo’s, fan lesmateriaal oant histoaryske jeugdromans.
Se wurket regelmjittich yn opdracht. Sa hat se ûnder oare boeken skreaun foar it Fries Museum, it Marinemuseum yn Den Helder, de Friese Milieu Federatie, Stichting Aed Levwerd, Stichting Nassau en Friesland en Stichting Kening fan ‘e Greide.
Dêrneist jout se workshops en skriuwkursussen, en giet se regelmjittich skoallen en biblioteken bydel om te fertellen oer har wurk.
Yn 2020, 2021 en 2022 hat Dykstra Berneboeke-ambassadeur van Fryslân west.
Op 16 septimber 2022 waard se beneamd ta lid van de Fryske Akademy.
Oer Berber van den Brink
Yllustrator Berber van den Brink (1982) út Ljouwert wurket ek as grafysk ûntwerper.
Nei har oplieding Docent Beeldende Kunst & Vormgeving en Communicatie & Multimedia Design is se har eigen studio begûn, ûnderwylst alwer 15 jier lyn.
Op dit stuit wurket se it meast oan yllustrative projekten dêr’t ek har grafyske feardigens goed by fan pas komt. Har wurk is kleurich en konseptueel, grafysk en/of teätraal, faak mei wat surrealisme en humor.
Se fynt it in moaie útdaging om in boadskip goed oer te setten nei in krêftich byld. Mar se hâldt der ek fan om yn it foar neat te betinken en gewoan te begjinnen, te boartsjen en sjen wêr’t it skip strânje sil.