... It kassekompleks leit yn in ôfsûndere part fan de Oertún. Túnlju yn tsjinst fan 'e adel kweekten hjir yn it ferline – foar dy tiid – eksoatyske blommen en fruchten. No binne dizze kassen foar eltsenien tagonklik en kinne jo genietsje fan blommen en planten dy eartiids allinnich foar in inkeling berikber wienen...
Beetstersweach wie eartiids in doarp dêr't de adel it oansjen fan útmakke. Yn de santjinde ieu waard De Sweach al omskreaun as “klein van landeryen (it smûke gea), doch lustich van gheboomte (noflik beamtegrien) en vruchtbaer van graenen (nôt), met een schoone en welbestraette buyrte (kreaze buorren)”.
Dat karakter hat it doarp no ek noch, mei in Haadstrjitte fan op syn minst trije en in heale ieu âld. De skitterjend oanleine tunen en histoaryske gebouwen binne de stille tsjûgen fan de rike adel út 'e 17de en 18de ieu. In wichtich ûnderdiel dêrfan is it kassekompleks “De Tropyske Kas”.
Jonkhear Jan Anne Lycklama à Nijeholt waard yn 1835 eigner fan it hûs dat no bekend stiet as it Lycklamahûs (Haadstrjitte 80, no ûnderdiel fan it gemeentehûs).
Sawol efter as foar it hûs waard in tún oanlein. Om't de tún oan 'e foarside út 'e hûs wei sjoen oan 'e oare kant fan de strjitte lei, waard dy de oertún neamd.Yn dy oartún waard yn 1869 de no noch oanwêzige lessenerskas (druvekas) en in blommekas boud. Dy blommekas is inkelde kearen fernijd en ferboud ta oranzjery om winterdeis froastgefoelige planten bewarje te kinnen.Yn de jierren tweintich fan de foarige ieu waard dy oranzjery ferfongen troch de kas dy't wy no kenne as de Tropyske Kas te Beetstersweach. De kas is goed 80 jier âld en herberget inkelde planten fan hast de selde leeftyd. Dêrnjonken is der yn de kas in kolleksje fan ferskate tropyske planten. Der is in wiidweidige samling kûpplanten, wêrûnder in tal moaie sitrusbeammen fan goed 70 jier âld. Dy planten oerwinterje no yn in oranzjery dy't yn 1970 boud is en yn 2006 fernijd.
Yn 2004 is in fjirde kas oan it kompleks tafoege, dêr't besikers yn ûntfongen wurde kinne.
Sûnt 2004 beheart de Feriening Freonen fan de Tropyske Kas it kassekompleks. De leden ûnderhâlde it kompleks en fersoargje de planten.
De Feriening hat as doel om dit histoarysk en idyllysk plak foar de takomst te behâlden en iepen te stellen foar besikers.